Sint Fitus yn Ljouwert

Ta gelegenheid fan St. Fitusdei is der op 15 juny oankommende in poëzijjûn yn de Oldehove yn Ljouwert. 20:30 oere begjint it feest.

Klik hjirre

St Vitus of the City of Angels!…

Wurlitzer turned “howitzer”, from its bung,

Blasted a boisterous bomb at the bar.

(….)

Ut: Delirium in Los Angeles, Malcolm Lowry

                                             

Heech op souder

 

Troch it finster fan ´e bûthússouder falle se nei binnen

de moannesike lûden fan gûlende hûnen

dêrtsjinyn de nachtsjongers rinkeljend as keatlingen

harren noaten foechsum te lead en sa dûnsje ik ek

 

Sint Fitus soe huie en joelje slingerje kop en skouders

lit dy gean gûzje en gâlje as in sinkend skip

dat kermjend yn ‘e ûndergong syn rêch brekt   jubel

rop raas hoallefoalje mei hannen en fuotten

stroffelje oer dyn wurden

 

mar elke oanmoediging opwekking omdoch

ik skaai nei it noftere lân dêr´t ik út opwoeksen bin

in waarm wifsinnich foar-de-wyntsje krekt sa ûnbesteanber

as in dichter fan nei de oarloch dy´t wit wat lijen is

of in flamenkodûnser fan Eskimo komôf

 

elk ritich fjoer dwêste mei swarte ierde

beskromme kreas op in heapke skood

heech op ´e bûthússouder kinst de sinne

boppe it meanfjild opkommen sjen

 

 

 

Advertenties

Geef een reactie

Vul je gegevens in of klik op een icoon om in te loggen.

WordPress.com logo

Je reageert onder je WordPress.com account. Log uit /  Bijwerken )

Google+ photo

Je reageert onder je Google+ account. Log uit /  Bijwerken )

Twitter-afbeelding

Je reageert onder je Twitter account. Log uit /  Bijwerken )

Facebook foto

Je reageert onder je Facebook account. Log uit /  Bijwerken )

w

Verbinden met %s